It krúske fan de sylalvestêdetocht
Elkenien dy't de troch ús organisearre sylalvestêdetocht útsylt ûnder de troch ús organisaasje stelde foarwaarden hat rjocht op in alvestêdekrúske. Dit tige bysûndere krúske waard yn 2018 ûntworpen troch Thaeke Johannes Kuipers yn gearwurking mei Douwe Blanksma fan de firma
Repko út Snits. It bestiet krekt lykas it reedriderskrúske út in medaille yn de foarm fan it Maltezer krús mei yn it midden in rûntsje. Yn dit rûntsje stiet in skyld mei dêrop ús ferfiermiddel tidens de tocht, de polywikel. Dizze polywikel is op har beurt wer basearre op de yn 1939 troch Ericus Gerhardus van de Stadt ûntworpen Valk. Yn it opskrift stiet 'De Fryske Sylalvestêdetocht'. It krúske hinget oan in giel blau (de Fryske kleuren) lintsje mei in spjilde en kin sa dan ek mei grutskens op it boarst droegen wurde.
Der binne op dit stuit 79 krúskes fertsjinne!